Begelieder (bybaan) Snits en Oppenhuizen
Foar de lokaasje Eastwei yn Oppenhuzen en de Mar in Snits sykje wy in Begelieder (bybaan) MVG, it oantal oeren is yn oerlis.
Dizze baan is ideaal as:
- Do in tuskenjier hast en begjinst mei dyn HBO-Sosjaal wurk (en yn it besit bist fan dyn MBO-4 Soarch & Wolwêzen);
- Do krekt klear bist mei dyn MBO-4 Soarch & Wolwêzen;
- Do no de HBO-Sosjaal wurk-oplieding dochst en wurkûnderfining opdwaan wolst (yn it besit fan dyn MBO-4 Soarch & Wolwêzen).
Lêsst do dit en tinkst: “Okay, dit giet oer my,” lês dan benammen fierder!
It finansjele diel
Do ûntfangst in brút salaris neffens de CAO Soarch foar Minsken mei in Handicap fan minimaal € 2.727,- en maksimaal € 3.678,- (FWG 40) by in fulltime tsjinstferbân fan 36 oeren. By ûnregelmjittige tsjinsten ûntfangst do in toeslach fan 122% oant 160%. Noch altyd entûsjast? Dan fertelle wy dy graach wat wichtich is foar dy.
Hokker eigenskippen passe by dizze baan?
Foar dizze funksje en doelgroep is it wichtich dat do sosjaal en geduldich bist. Us bewenners hawwe muoilik fersteanber gedrach, dat betsjut dat de wize fan kommunisearjen oars is as wy mei elkoar dogge. Dyn lichemstaal is krúsjaal: as do rêst útstrielst, is dat ek merkber foar de bewenners. Itselde jildt foar de wize wêrop do praatst, lústerst of kontakt makest. Non-ferbale kommunikaasje is de manier wêrop do it fertrouwen fan de bewenners winne kinst. Datst it leuk fynst om minsken te helpen, dat wite wy, oars kiesst do net foar de soarch. Mar sjochst do lytse stappen as grutte oerwinningen? Dan wolle wy dy hiel graach moetsje.
Wichtige ynformaasje foar dy:
• Do ûntfangst in goed salaris en boost dyn CV mei weardefolle praktykûnderfining;
• Wy stypje dy mei in buddy dy’t dy begeliedt binnen it team;
• Do kinst dyn wurk planne om dyn stúdzje hinne (as do no in stúdzje folgest);
• Wurkst do leaver allinnich yn it wykein? Ek dat is te besprekken;
• No al begjinst do mei dyn pensjoenopbou; it liket noch fier fuort, mar it is sa wichtich.
• In einjiersútkearing fan 8,33%;
• En tal fan trainingen rjochte op dyn ûntwikkeling binnen de soarch. Sjoch ús arbeidsbetingsten.
Dyn wurkplak:
Do komst te wurkjen yn in belutsen en enerzjyk team op de wenpleats Eastwei yn Toppenhuzen of de Mar in Snits. Dat binne twa lokaasjes wêr totaal 73 l;ïinten wenje mei muoilik fersteanbar gedrach, De lokaasjes biede ek deiopfang (sawol yntern as ekstern). Elke kliïnt hat syn of har eigen soarchfraach en mooglikheden. Do stypest harren by deistige soarch, sykjest nei passende aktiviteiten en helpst dêrby. Hoe moai is it as do merkst dat in kliïnt him goed fielt, hoe grut of lyts it sukses ek is.
Is dit echt wat foar dy?
Fertel ús wêrom’tsto tinkst datsto by ús pas hast. Doch dit uterlik foar tongersdei 17 jannewaris 2025. Hawst noch fragen? Belje of WhatsApp mei Tessa Paulides lokaasje Oppenhuizen op telefoannûmer 06 - 1524 1549 of Nienke Woudstra lokaasje Snits op telefoannûmer 06 - 21913421.
Sollicitaasjeproseduere:
Op de lokaasje wurkje wy effisjint. De sollicitaasjeproseduere is as folget: do hast op ien dei in kennismakingspetear en dêrnei rinst in tsjinst mei. Do sjochst fuortendaliks oft de baan by dy past, en wy sjogge hoe’t do oan it wurk giest. Wa’tst ek bist, do bist wolkom by Philadelphia!
Wy meitsje gjin gebrûk fan wervings- en seleksjeburo’s.